Fryske bestjoerders reizgje faakst nei Sina en Dútslân

12 mrt 2015 - 06:01

Sina is in wichtige reisbestimming foar Fryske provinsjale bestjoerders. De ôfrûne fjouwer jier ha der trije hannelsmisjes west. Opmerklik is it ek wer net, want alle oare provinsjes geane der ek graach hinne. Sina liket sa wol it beloofde lân. De regionale omroppen en de NOS ha ûndersyk dien nei de reizen fan de provinsjale bestjoerders. Wat opfalt, is dat de Friezen in soad reizen meitsje nei Noard-Dútslân en Skandinavië.

De regionale omroppen en de NOS ha ek frege nei de kosten fan al dizze reizen de ôfrûne fjouwer jier. Foar Fryslân wie dat goed 24.000 euro. In gemiddelde reis koste 781 euro. Brabânske bestjoerders ha it meast útjûn oan reizgjen: hast twa ton oer de ôfrûne fjouwer jier. 77.000 euro fan dat bedrach waard útjûn oan hannelsreizen nei Sina.

Sina is sa populêr, omdat provinsjes dêr doarren iepenje kinne foar it bedriuwslibben. Dy kin dêr relaasjes lizze en mooglik kontrakten ôfslute. It is net helder wurden oft dat yn alle gefallen goed slagge is. Ferskate ûndersiken wize út dat de oanwêzichheid fan provinsjebestjoerders wurket, mar hurde sifers binne der net.

In oersjoch fan alle provinsjes.

Trefwurden: 
Sina provinsje tsjinstreizen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)