Fryske provinsjale bestjoerders meitsje de measte kilometers

12 mrt 2015 - 06:00

Fan alle provinsjes wurdt de tsjinstauto yn Fryslân it meast brûkt. De deputearren en de kommissaris fan de Kening ha de ôfrûne 4 jier goed in miljoen kilometer riden mei de fiif auto's.

Bestjoerders fan de provinsje Gelderlân binne like sljocht op de tsjinstauto. Ek sy riden goed 1 miljoen kilometer. Yn Flevolân bin se it sunichst. Dêr makken de twa tsjinstauto's in kwart miljoen kilometer. Dit docht bliken út in ûndersyk fan de regionale omroppen en de NOS. De measte kilometers wurde makke mei ritten nei Den Haach en Brussel.

De deputearren binne dêr geregeld foar oerlis en lobbywurk foar de provinsje. In deputearre sit yn trochsneed 44 kilometer foar in rit yn de auto.

In oersjoch fan alle provinsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)