SP wol ferbod op brûken groomfarve by definsje

11 mrt 2015 - 15:12

De SP wol in foarriedich ferbod op de giftige farve dy't brûkt wurdt op ûnder oare de fleanbasis yn Ljouwert. Dat fynt Twadde Keamerlid Jasper van Dijk. In soad militêren ha sûnensklachten krigen troch it brûken fan groomfarve foar militêre ûnderhâldswurk.

Op tsien definsjelokaasjes yn Nederlân wurdt de farve noch altyd brûkt. Minister Hennis fan Definsje seit dat dat op in ferantwurde wize dien wurdt, mar de SP is dêr net fan oertsjûge. De partij komt mei in moasje om it brûken fan groomfarve earst net te brûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)