Kompjûterspultsje moat jeugd foar wetter ynteressearje

11 mrt 2015 - 14:25

In spesjaal kompjûterspultsje moat jongerein ynteressearje foar in karriêre yn de wettersektor. It spul is ûntwikkele troch Wetterynstitút Wetsus en Grendel Games yn Ljouwert. Jongerein moat der in byld mei krije fan wat him allegear ôfspilet yn de wettersektor en watfoar technyske snufkes oft der ûntwikkele wurde.

It kompjûterspultsje komt beskikber foar skoallen foar fuortset ûnderwiis en foar partikulieren. Learlingen fan skoalmienskip Comenius krije de primeur, se meie it de kommende tiid teste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)