Jild foar Masterplan Easterwâlde Sintrum

11 mrt 2015 - 13:58

De gemeente Eaststellingwerf hat 290.000 euro beskikber steld foar de fierdere tariedings foar Masterplan Easterwâlde Sintrum. It sintrum fan it doarp stiet op de nominaasje om opknapt te wurden. Sa wurdt ûnder oare praat oer mear parkearplakken.

Ek is der diskusje oer wat der barre moat mei âlde winkelgebouwen. Earder al is it âld bankgebou troch de gemeente kocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)