Demonstraasje tsjin diskriminaasje en rasisme yn Ljouwert

11 mrt 2015 - 13:55

Yn Ljouwert is sneon in manifestaasje tsjin diskriminaasje en rasisme. De byienkomst wurdt organisearre troch AFA-Fryslân, de anty-fassistyske aksjegroep. De aksjefierders meitsje har sterk foar húsfesting, ûnderdak en ûnderwiis foar elk, foaral asylsikers, arbeidsmigranten en minsken mei in útkearing.

Sprekker is ûnder oare Harcourt Klinefelter, yn de jierren sechtich meiwurker fan Martin Luther King.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)