Boer siket Wajongers; mei in beheining wurkje by de boer

11 mrt 2015 - 12:14

In nij projekt fan it UWV en it Nordwin College moat jongerein mei in geastlike of lichaamlike beheining oan it wurk krije op it boerebedriuw. It trajekt Stalhâlderij hâldt yn dat se fjouwer dagen wurkje by de boer en ien dei leare.

Der is in soad animo foar fan de takomstige learlingen en ek al sân boeren ha har oanmeld. De Wajongers, jongerein mei ín útkearing, koenen woansdei foar it earst yn de kunde komme mei it wurk op de pleats op in spesjale yntroduksjedei.

Trefwurden: 
boer UWV Wajong
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)