Hotel Sint-Nyk docht part fan ynboel yn de ferkeap

Hotel De Oorsprong yn Sint-Nyk docht in diel fan de ynboel yn 'e ferkeap. It giet om restaurantsaken, tafels en skilderijen fan Fryske hynders. De eardere hierders fan it hotel-restaurant binne fallyt gong. De nije útbaters kinne it net brûke.
Yn it wykein fan 21 en 22 maart organisearret it hotel-restaurant de ferkeap. Eigener Eric Schrauwer hat gjin idee wat er der fan ferwachtsje kin. Minsken dy't guod lykas 'Tussen Kunst en Kitsch' ferwachtsje, hoege net te kommen. Dat hat Schrauwer der sels al úthelle.