PvdD: "Set fergunning gasboarring Skylge yn de iiskast"

Poster tsjin gasboarrings op Skylge
De Partij voor de Dieren (PvdD) tsjinnet woansdei yn de Twadde Keamer in moasje yn om de fergunning foar gasboarrings op of by Skylge yn de iiskast te setten. Der is op it waadeilân in soad ferset tsjin de gasboarringsplannen fan Tulip Oil. It bedriuw ûndersiket op it stuit oft der op of by it eilân geskikte winlokaasjes binne.
De PvdD fynt dat it Waadgebiet as UNESCO wrâlderfguod beskerme wurde moat. Dêrom wurket de partij ek noch oan in wetsútstel om njonken gas ek oare winaktiviteiten lykas sâltwinning yn de Waadsee te ferbieden.