Earste regionaal trainingssintrum foar silen yn Snits

10 mrt 2015 - 20:36

Snits is it earste plak mei in regionaal trainingssintrum (RTC) foar de sylsport. It opliedingsynstitút is tiisdei offisjeel fan start gong. Doel fan it trainingssintrum is jongerein út Noard-Nederlân bekender te meitsjen mei silen as sport en talinten better stypje te kinnen.

De oplieding hat foar de kommende fiif jier goed 5 ton oan subsydzjes krigen. Sa drage de gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje 10.000 euro's by. It RTC traint yn twa sylklassen: de laser en de optimist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)