FNP hat lêst fan nep-accounts en oerwaget stappen

10 mrt 2015 - 16:58

De FNP oerwaget juridyske stappen tsjin dejingen dy't achter in pear nep-accounts op Facebook sitte. De accounts soene fan de FNP wêze, mar dat is net sa. Op de siden wurdt wol gebrûk makke fan FNP-logo's, -foto's en -teksten. En se ferwize foaral troch nei populêre Facebooksiden, lykas dy fan de band De Hûnekop.

De FNP seit dat de partij fier ôfstân nimt fan de aksjes.

De Hûnekop sette moandei op harren Facebookside dat "de FNP ophâlde moat mei ús te stalken. De Hûnekop hat neat mei polityk te krijen. Se besykje fia ús stimmen te krijen fan ús fans, mei fan dy achterlike slogans".


Sybren Posthumus fan de FNP pleatste dêrop in reaksje en bea eskuses oan: "Wy ha dit bepraat en it hie net moatten. Wy hawwe it daliks fan Facebook ôfhelle". Dy reaksje is der yntusken wer ôfhelle.

Ien fan de nep-accounts stie op namme fan in Linda de Vries. Sy pleatst allegear saken oer de FNP en besiket mei safolle mooglik minsken freonen te wurden. Ek waard De Hûnekop tagd sadat har berjochten oer de FNP foar tûzenen Hûnekop-freonen te sjen wiene. De webside Blinder.nl kaam derachter dat de foto fan Linda de Vries in âlde foto is fan it Amerikaanske model Dita von Teese. "De FNP gebruikt dus het gezicht van een sexbom om jongeren te trekken. In korte tijd heeft ze honderden vrienden gekregen op Facebook", sa skriuwt Blinder. De foto is yntusken fuorthelle.

De FNP lit no yn in offisjele ferklearring witte net achter dizze accounts te sitten en allinne har eigen offisjele kanalen te brûken.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)