Lerin Duarte hat hamstringblessuere

10 mrt 2015 - 16:47

SC Hearrenfean kin snein yn de thúswedstriid tsjin Ajax gjin berop dwaan op Lerin Duarte. De middenfjilder, dy't hierd wurdt fan Ajax, hat in hamstringblessuere. Duarte rûn it skuorke yn de hamstring op yn de wedstriid fan it ôfrûne wykein tsjin ADO Den Haach. Hy moast doe al nei 20 minuten nei de kant.

Nei alle gedachten moat Duarte twa oant trije wiken rêst hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)