Holwerter wer oer de skreef

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei in 47-jierrige ynwenner fan Holwert oppakt yn it sikehûs fan Dokkum. De man hie dêr ferskate minsken bedrige en wie ek ûnder ynfloed fan alkohol. By syn oanhâlding bedrige er ek in plysje.
De man is de ôfrûne dagen al faker oanhâlden, fanwege it riden mei tefolle drank op en foar ferbean wapenbesit. Der sil no troch in saakkundige besjoen wurde oft de man ek twongen opnaam wurde moat yn in psychiatryske ynrjochting.