Muzykprogramma Noardewyn live nominearre foar NL-Award

Noardewyn-presintator Willem de Vries
Omrop Fryslân-programma 'Noardewyn live' fan Willem de Vries is nominearre foar in NL-Award. Noardewyn live wurdt alle wiken op freed útstjoerd op radio, tv en ynternet. It programma is nominearre yn de kategory Radio Faria. De NL-Awards jilde as jierlikse ûnderskieding foar de bêste produksjes fan de regionale omroppen. Der binne 27 radio- en tv-programma's fan alve omroppen nominearre.
De awards wurde op 25 maart foar de 13e kear útrikt.