Ald-boargemaster Bats fan Skylge fertocht fan korrupsje

Rob Bats © ANP
Ald-boargemaster Rob Bats (VVD) fan Skylge wurdt troch it Iepenbier Ministearje fertocht fan korrupsje. Mei help fan VVD-prominent Piet Ploeg soe Bats neffens NRC Handelsblad besocht ha om boargemaster te wurden fan gemeente Stichtse Vecht. De nammen fan de manlju kamen nei foaren yn it ûndersyk nei VVD-fraksjefoarsitter Kathalijne de Kruif yn de gemeente.
Dy waard earder oanhâlden foar wytwaskjen en himpteelt. Neffens it Iepenbier Ministearje dielde De Kruif as lid fan de fertrouwenskommisje ynformaasje oer de proseduere mei Ploeg.
Frou De Kruijf liet tiisdei witte dat se ûntslach nimt as gemeenteriedslid fan de gemeente Stichtse Vecht.