Utwreiding yndustryterrein Hallum West kin trochgean

10 mrt 2015 - 12:51

De oanpak en útwreiding fan it yndustryterrein Hallum West kin trochgean. De gemeenteried fan Ferwerderadiel stelt dêr ien miljoen euro beskikber foar. Mei ek in provinsjale bydrage fan 3,5 miljoen euro en 750.000 euro fan de ûndernimmers sels yn Hallum, is der genôch jild om de plannen troch te setten. Mei elkoar kostet it plan fiif miljoen euro.

It yndustryterrein wurdt ûngefear ien bunder grutter. Bedriuwen as Van der Meulen Meesterbakkers, Helwa Wafelbakkers, transportbedriuw De Vries en Hellema ha mear romte nedich om te ûndernimmen.

Sûnder de útwreiding soene se mooglik út Hallum ferdwine. Der moatte wol fjirtjin huzen ôfbrutsen wurde. De bewenners krije in skeafergoeding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)