Medaljes foar militêren basis

01 mrt 2012 - 11:28

Hûndertfyftich militêren fan de Ljouwerter fleanbasis krije tongersdei in herinneringsmedalje foar har wurk foar de NAVO yn Afganistan. Fjouwer fan har krije ek in gefjochtsynsynje. De medaljes wurde útrikt troch de minister fan definsje, Hans Hillen en de kommandant loftstriidkrachten Jac Jansen.

In herinneringsmedalje is foar militêren dy't 30 dagen of mear oan in fredesoperaasje meidien hawwe. In gefjochtsynsynje wurdt útrikt oan dyjingen dy't meidien ha oan in militêre operaasje, wêrby't ek sprake wie fan gefjochten.

De militêren wiene tusken septimber 2011 en jannewaris 2012 yn Afganistan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)