Omrop TIP: Jûnpraters mei Klaas Kielstra fan de VVD

06 mrt 2015 - 21:00

“Friezen om utens oer de hiele wrâld moatte ynset wurde as ambassadeurs foar ús provinsje”, dat sei VVD-Listlûker Klaas Kielstra yn it programma Jûnpraters. It netwurk fan Friezen wurdt no net brûkt, wylst dêr krekt in soad foardiel út te heljen is, sa fynt de Fryske liberaal. Fieder fertelt er oer syn fasinaasje foar Franklin D. Roosevelt, syn wurk as 18-jierrige militêr yn Libanon en de frustraasje dat syn partij net yn it Fryske kolleezje sit.

Jûnpraters is in programma yn it ramt fan de provinsjale steateferkiezings dat presintearre wurdt troch René Koster. Jûnpraters is alle wurkdagen fan 2 maart oant en mei 17 maart 2015 te hearren tusken 19.00 en 20.00 oere. Op omroplive.nl kinne jo ek yn de studio meisjen. Alle programma's binne werom te sjen op www.omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)