Man bedriget hierbaas mei wapen

10 mrt 2015 - 11:45

De plysje hat moandei in 67-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân oanhâlden nei't dy in 71-jierrige man út Harns bedrige hie. De Harnzer ferhiert in gebou oan de 67-jierrige. Dy soe syn hierbaas mei in wapen bedrige ha. Yn de wenning fan de 67-jierrige fûn de plysje in buks en ferskate stekwapens. Dy binne yn beslach naam. De fertochte is meinaam nei it plysjeburo om de saak út te sykjen. De oanlieding fan de bedriging soe in al langer spyljend konflikt wêze.

Trefwurden: 
Harns plysje bedriging wapen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)