Klachten oer te folle trein Snits-Ljouwert

10 mrt 2015 - 11:08

De trein fan Starum nei Ljouwert sit moarns fierstente fol. Passazjiers moatte tusken Snits-Noard en Ljouwert meastentiids ticht op elkoar stean, ta argewaasje fan in soad reizgers.

Johan Feenstra fan Snits hat it al faak oanjûn by Arriva, mar krijt nul op it rekest. De PvdA-fraksje yn de Steaten hat no fragen steld oan deputearre Johannes Kramer, mar in oplossing is der noch net. Neffens Arriva is it net in struktureel probleem. De ferfierder hat mei de OV-chip de reizgers teld en dy telling jout net oan dat de trein altyd fol is.

In mooglik ferklearring soe wêze kinne dat minsken har net oer de hiele trein ferspriede, mar bliuwe wêr't se ynstappe. De deputearre sil no ûndersyk dwaan.

Trefwurden: 
Snits Ljouwert Arriva trein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)