Meitinke oer watfoar plannen subsydzje krije

© Omrop Fryslân
De regio Súdwest-Fryslân krijt in team dat de provinsje advisearje kin oer subsydzjes. Yn it team sitte minsken út de streek. Se helpe de provinsje te bepalen oft projekten subsydzje krije kinne út it Iepenmienskipsfûns.
Dat is in pot mei 2,5 miljoen euro foar projekten dy't bydrage oan de leefberens. Belangrike betingst is dat minsken mei elkoar in idee yntsjinje en ek útfiere. It advysteam wurdt woansdei presintearre.