Sinnepanielen tenei ek te leasen
Friezen kinne tenei ek sinnepanielen lease. It bedriuw Friesland Zon wol dit idee yn Fryslân yn de merk sette. De provinsje docht ek mei oan it projekt. Neffens direkteur Roeffel fan it bedriuw besparje minsken mei de panielen op harren enerzjykosten. De kosten fan it leasen lizze krekt wat leger as de besparring, sadat beide partijen jild oerhâlde.