Fryske VVD achter opstappen minister

De VVD ferliest mei minister Ivo Opstelten en steatssekretaris Fred Teeven twa bepalende figueren. Beiden leine moandeitejûn harren funksje del, nei't bekend waard dat der in bewiis fûn is foar de deal mei krimineel Cees H. Dy krige 4,7 miljoen gûne fan Teeven. Minne berjochten foar de partij, hielendal flak foar de steateferkiezings.
Dochs hawwe de beide politisy neffens foarsitter Jeltsje Hoekstra fan de VVD yn Fryslân in goed beslút naam.