Grien ljocht foar oanpak stasjonsgebiet Ljouwert

In ympresje fan it fernijde stasjongebiet © Gemeente Ljouwert
De gemeenterie fan Ljouwert hat grien ljocht jûn foar de oanpak fan it stasjonsgebiet fan Ljouwert. De kommende jierren wurdt troch de gemeente, provinsje, Europa, Prorail en de NS sa'n 22 miljoen euro ynvestearre yn it gebiet. Fan dat jild moatte goede kuierrûtes oanlein wurde rjochting binnenstêd.
De ried hat noch al noed oer de tunnel ûnder it stasjon troch. Ynwenners fan de wyk Huzum-West brûke dy ek as ferbining mei de binnenstêd. De NS wol it gebiet ôfslute mei tagongspoartsjes. De ried wol de tunnel lykwols iepen hâlde.