Wykbewenners De Spiker yn Harns starte buertprevinsje

Yn wenwyk De Spiker yn Harns is moandeitejûn úteinset mei in nij buertprevinsjeprojekt. Yn de wyk is de ôfrûne tiid ferskate ynbrutsen en koartlyn waard sels in âlder echtpear thús oerfallen. Sechstich buertbewenners hawwe harren dêrom opjûn om frijwillich patrûljes te rinnen om de buert feiliger te krijen. Yn oare wenwiken yn Harns hat bliken dien dat dy wize fan buertprevinsje súksesfol is.
As offisjele ôftraap fan it projekt ûntbleate boargemaster Roel Sluiter in buordsje mei 'Attentie Buurtpreventie'.
Oan de oanwêzige frijwilligers lei wykagint Jan Nagel ferfolgens út wêr't de minsken om tinke moatte as se op patrûlje gean. Nagel sil de kommende wiken mei de frijwilligers op 'en paad om út te lizzen wêr't se op lette kinne en hoe't se hannelje moatte.