Flylân bliid mei tasizzings Jumbo oer oplitten ballonnen

09 mrt 2015 - 22:09

Supermerk Jumbo sil yn de takomst better neitinke oer aksjes mei it oplitten fan ballonnen. It bedriuw docht dy tasizzing oan in groep Flylanners. Dy meitsje harren soargen oer it grutte tal ballonnen en oar plestik dat yn see telâne komt en oanspielt op it strân.

Op twitter meldt Jumbo no dat se in plande ballonne-aksje feroare hawwe: de bern krigen in ballon mei nei hûs yn stee fan him op te litten. Ek wol de supermerk derop tasjen dat syn ûndernimmers ballonresten better opromje.

Op Flylân binne se bliid mei de tasizzings en hoopje se dat der mear lanlike bedriuwen it foarbyld folgje.

Trefwurden: 
Flylân plestik Jumbo ballonnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)