Wânswert hat syn nocht fan slûpferkear troch it doarp

De gemeente Ferwerderadiel nimt de ferkearsproblemen fan Wânswert net serieus. As se dat al dien hienen, dan hie der al lang in oplossing west foar de ferkearsoerlêst yn it doarp. Dat stelt doarpsbelang Wânswert. Sûnt in pear jier is de oerlêst bot tanaam. Dat hat te krijen mei in dykomlizzing by Hallum.
In soad wen-wurkferkear rydt troch it doarp en ek grutte frachtweinen. De dyk is dêrfoar lykwols te smel. De ynwenners wolle no dat de gemeente weromkomt op in âlde tasizzing: de oanlis fan in rûnwei.
De provinsje hat al oanjûn dêr oan bydrage te wollen. Ferwerderadiel seit lykwols gjin jild te hawwen.