Fertochten slaanderij Goutumer

01 mrt 2012 - 10:48

Fiif jongeren út Ljouwert tusken de 16 en 18 jier wurde troch de plysje fertocht fan mishanneling en poging ta deaslach fan in 16-jierrige jonge út Goutum. It slachtoffer en fjouwer oeren troffen de groep fertochten op 10 desimber ferline jier yn it Vossenpark. Der ûnstie in fjochtpartij dêr't it 16 jierrige slachtoffer troch trije jonges tsjin de holle skopt waard en út de tiid rekke. Nei ûndersyk binne fiif jongeren oanhâlden, twa dêrfan sitte noch fêst.

Se hearre by in groep fan yn totaal 12 jongeren dy't geregeld foar oerlêst soarget.

Trefwurden: 
mishanneling Vossenpark
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)