Oanlis fan steigers úteinset yn Warkum

Mei it slaan fan in earste damwand is moandei yn Warkum in begjin makke mei de oanlis fan goed 40 steigers foar rekreanten. Dêrneist wurdt it eveneminteterrein oan de Stedspôle oanpakt en wurdt der in haventsje oanlein. De wurksumheden binne ûnderdiel fan in plan om mear toeristen nei Warkum te lûken.
Ut ûndersyk waard dúdlik dat der ferlet is fan mear foarsjennings foar boatsjefolk. Undernimmers en kulturele ynstellings wurde ek by it plan belutsen. It havenplak stiet bekend om syn kultureel erfguod en dat moat noch bekender wurde.