FNP hinget posters op yn hiel Nederlân

FNP © Omrop Fryslân
De FNP lit moandei ferkiezingsposters ophingje yn grutte stêden troch it hiele lân. It giet ûnder oare om Zwolle, Emmeloard, Maastricht, Middelburg en Amersfoort. De FNP hopet mei de aksje Friezen om utens te berikken en reaksjes op sosjale media op te roppen.
Ek moat de kampanje oandacht oproppe foar de OSF, de ûnôfhinklike Senaatsfraksje. Dy fertsjintwurdiget de lokale partijen yn de Earste Keamer. De FNP falt dêrûnder.
De FNP kaam op it idee fan de posters troch ûnder oaren de aksje fan de Albert Heijn, in skoftke lyn. Dy hie Frysktalige posters ophong yn Grins. De posters fan de FNP bliuwe in wike hingje yn de stêden.