Motors, himp en jild yn beslach naam by hússikings om himp

09 mrt 2015 - 16:38

By trije hússikings hat de plysje moandei trije motors, 15 kilo droege himp en jild yn beslach naam. De plysje trochsocht de huzen yn ferbân mei de fynst fan in himpkwekerij, tongersdei yn Terbant. Fierder ûndersyk sette de plysje op it spoar fan trije manlju dy't mooglik belutsen wêze soene by in himpkwekerij. By harren thús is moandei ûndersyk dien.

Twa fertochten, út Drachten en de gemeente De Fryske Marren sitte fêst. In tredde is noch net oppakt.

Trefwurden: 
himp hússiking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)