Fryske brânwacht siket frijwilligers

Brânwacht © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Fryske brânwachten binne op syk nei frijwilligers. Dy binne nedich om de kazernes 24 oeren deis besette te kinnen. De ekstra help wurdt ynset op de santjin blusgroepen yn ûnder oare Stiens, Drachten, Harns, De Lemmer, Snits, Menaam en Skiermûntseach. Belangstellenden kinne harren fia ynternet oanmelde.
By de Fryske brânwacht wurkje hast 1400 minsken. Dêr sitte mar leafst 1200 frijwilligers by.