Omrop TIP: Bynt siket Boer jûn te sjen by Omrop Fryslân

09 mrt 2015 - 15:33

Tsientallen boeren hawwe har de ôfrûne moanne opjûn foar de Bynt siket Boer(inne)-aksje. Yn in spesjale útstjoering fan Bynt wurde moandeitejûn de twa winnende kandidaten bekend makke. Stipe troch presintator Raynaud Ritsma sille se op syk nei de leafde fan harren libben.

De twa boeresoannen komme beide út de gemeente Ferwerderadiel. Ut sifers fan it CBS docht bliken dat dêr yn ferhâlding de measte frijgeselle boeren fan Nederlân wenje. Froulju dy 't wolris op stap wolle mei de kandidaat-boeren, kinne maile nei Bynt@omropfryslân.nl.

Trefwurden: 
Bynt siket Boer(inne)
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)