15.000 hantekeningen op anty-gaswinpetysje Skylge

09 mrt 2015 - 14:39

De petysje tsjin gaswinning by Skylge is 15.000 kear ûndertekene. Snein waard dêr op it eilân by stilstien.

De feriening GasTvrij Terschelling hat de petysje yn febrewaris op ynternet set. Alle stipe tsjin de foarnommen gasboarrings yn it Waadgebiet is wolkom, seit de feriening, want de gaswinning feroarsaket in soad skea oan it miljeu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)