Dief hat te stellen twaddehânsguod alfêst klearset

De Swettestrjitte (argyffoto) © Google Street View
De plysje hat sneintejûn in 27-jierrige ynbrekker út Ljouwert oanhâlden. In tsjûge seach de man dy jûn omhingjen by in winkel yn twaddehâns guod oan de Swettestrjitte en warskôge de plysje. Dy kaam krekt op 'e tiid.
De man hie in grut ferskaat oan elektroanysk ark en mobile telefoans klearset om mei te nimmen. De man is meinaam nei it plysjeburo en sit noch fêst.