Nachtlik wurk oan wei Stiens-Holwert

09 mrt 2015 - 12:52

De dyk Stiens-Holwert bliuwt de kommende tiid ûnder it ûnderhâldswurk oerdeis dochs iepen foar ferkear. De dyk soe earst ticht, mar mei de oannimmer is ôfpraat dat dy it measte wurk nachts dwaan sil. Sa kin de wei oerdeis iepen bliuwe.

It Erfguodstasjon Marrum hie by de provinsje en de oannimmer oantune op iepenstelling oerdeis om't it stasjon yn april iepengiet. It soe net goed wêze as toeristen yn de begjinperioade it stasjon net berikke kinne.

It Erfguodstasjon is it âlde treinstasjontsje fan Marrum oan it eardere trajekt fan it Dokkumer Lokaaltsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)