Fjirde breafûns foar zzp'er yn oprjochting

09 mrt 2015 - 11:02

Fryslân krijt der in nij saneamd breafûns by. Undernimmers yn It Hearrenfean wolle sa'n fûns oprjochtsje. Mei in breafûns helpe tweintich oant fyftich selsstannige ûndernimmers inoar, as se in skoft sûnder wurk sitte. De ûndernimmers prate ôf dat se alle moannen in bedrach sparje foar de kollektive fersekering.

Fryslân hat al trije fan sokke breafûnsen. De belangstelling is sa grut, dat der no in fjirde komt. Op 30 maart is der in ynformaasjegearkomste op It Hearrenfean. It breafuns is foar zzp'er en foar ûndernimmers mei in BV of in VOF.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)