Sven Kramer: WK allround yn Calgary wie dreech

09 mrt 2015 - 10:31

Sven Kramer fûn it WK allround yn Calgary in dreech toernoai. Hy hat him nea echt komfortabel field. De omstannichheden foelen net ta en dan krije de riders it benammen op de lange ôfstannen swier, sei er.

Kramer behelle snein yn de Kanadeeske stêd syn sânde wrâldtitel. Snein poetste er op de ôfslutende 10 kilometer in achterstân fan mar leafst 7,3 sekonden fuort op de Rus Denis Yuskov. Oer dy rit sels wie Kramer net sa te sprekken. Dat hie better kind. Gelokkich wie Yuskov minder goed as dat er him ynskat hie, sei er.

Kramer wie benammen bliid mei hoe't er it dien hat op de 1500 meter. Nei in dreech begjin slagge er deryn de knop om te setten, sei er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)