UNIS Flyers wint yn en fan Tilburg

© Nicolien Sijtsema
De UNIS Flyers ha de twadde finalewedstriid om de Nederlânske titel mei 4-1 wûn fan Destil Trappers Tilburg. Nei it 2-1 ferlies sneontejûn op it iis fan Thialf is de stân wer yn it lykwicht. De ploech dy't it earst fjouwer kear wint is kampioen. De Flyers pakten yn Brabân de earste perioade mei 3-1, mei Feanster goals fan Joey Oosterveld en twa kear Josh Prudden. Travis Bobbee fergrutte de foarsprong yn de twadde perioade. Dêrnei wol tiidstraffen, mar gjin goals mear. Freedtejûn is de tredde wedstriid op It Hearrenfean.