Sven Kramer en Ireen Wüst tredde op 1500 meter

© ANP
Sven Kramer hat de lieding op it WK allround yn Calgary út hannen jaan moatten. De Rus Denis Yuskov wûn de 1500 meter yn 1.42.92 en is nei trije ôfstannen de lieder yn it klassemint. De Noar Sverre Lunde Pedersen waard twadde yn 1.43.99, Sven Kramer en de Belch Bart Swings waarden dield tredde yn 1.44.18. Op de ôfslutende 10 km moat Kramer dik sân sekonden goed meitsje op Yuskov.
Ireen Wüst waard ek tredde op de 1500 meter. De winst gong ferrassend nei de Noarse Ida Njatun yn 1.52.71, foar Heather Richardson yn 1.54.23. Wüst ried 1.54.28.
Richardson giet nei trije ôfstannen noch oan de lieding, folge op seis sekonden troch Martina Sábliková en Ireen Wüst op krapoan noggen sekonden. De froulju ride noch de 5000 meter.
Douwe de Vries hie in beroerde 1500 meter mei in mislearre krusing. Hy waard 14e yn 1.46.79. Troch in ôfmelding mei Douwe de Vries noch wol de 10 km ride.