Skylge nominearre as bêste kuiergemeente

08 mrt 2015 - 15:29

Skylge is nominearre as 'Wandelgemeente van het jaar 2015'. Oare gemeenten binne Eijsden-Margraten yn Limburg en it Noard-Hollânske Noordwijkerhout. De jierlikse ferkiezing is in inisjatyf fan kuierkrante Te Voet. De trije finalisten kamen as winner út de bus nei de foarrondes dêr't tsientallen gemeenten oan mei diene.

Ferslachjouwers fan Te Voet ha nei de gemeenten ta west om dizze te beoardieljen. Minsken kinne oant en mei 15 april stimme. Dêrnei wurdt de winner bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)