Wurk oan Froonackerdyk by Dearsum
Tusken Easterlittens en Dearsum wurdt fan moandei ôf wer wurke oan de Froonackerdyk. Der komt nij asfalt mei betonstroken by de dyk lâns. Ferskate rotondes moatte de krúspunten feiliger meitsje. Yn july moat it wurk klear wêze.
Ein ferline jier is ek al in part fan de Froonackerdyk oanpakt.