Mishanneling yn Boalsert
De plysje hat sneontenacht yn Boalsert in 28-jierrige ynwenner fan Wytmarsum oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it mishanneljen fan in 25-jierrige Boalserter. It slachtoffer rekke ferwûne oan it gesicht. De fertochte is meinaam nei it plysjeburo.