Ferwûne man oantroffen, de plysje ûndersiket twa wenten

De plysje hat sneintemoarn trije minsken oanhâlden yn ferbân mei in mishanneling yn Ljouwert. Tusken 6 en 7 oere sneintemoarn waard in man fûn yn in wenning yn de Sontdwarsstrjitte. De bewenners fan de wenning bellen de plysje, dat in ûnbekende man dy't ûnder it bloed siet, harren hûs yngien wie. De man is oerbrocht nei it sikehûs.
De plysje kaam nei ûndersyk út by in wenning oan de Coopmansstrjitte yn Ljouwert. Dêr binne twa minsken oanhâlden: in Ljouwerter en in Rotterdammer. Ek de ferwûne man, in 26-jierrige Ljouwerter, is oanhâlden.
Yn beide wenten is bloed fûn en de plysje ûndersiket wat der krekt bard is.