Snits ferliest follybaltopper fan Sliedrecht Sport

De follybalsters fan Snits ferlearen yn de kampioensgroep mei 3-2 by Sliedrecht Sport. Dat wie deselde útslach as mei de bekerfinale in pear wike lyn. De earste set wie foar de thúsploech mei 25-16. Mei deselde sifers pakte Snits de twadde. Opnij winst foar Sliedrecht mei 25-19 yn de tredde set. Yn de fjirde luts Snits wer oan it langste ein, neidat in romme foarsprong dochs wer ferspile waard. Mar de 29-27 winst wie genôch foar de fiifde set. Dy gong mei 15-8 nei Sliedrecht Sport.