SC Cambuur hurd ûnderút by PEC Zwolle

07 mrt 2015 - 22:54

SC Cambuur gong sneontejûn flink ûnderút yn Zwolle, thúsploech PEC wûn mei 6-1. Yn it earste healoere wiene beide ploegen oaninoar weage. Nei de iepeningstreffer fan Jesper Drost yn de 30e minút gong it hurd. Maikel van der Werff skeat fiif minuten letter in frije traap prachtich tsjin de touwen. Nei it skoft wie it ienrjochtingsferkear en koe Cambuur-keeper Leonard Nienhuis him ûnderskiede. Dochs koe ek hy net foarkomme dat Ryan Thomas (ien kear) en ynfaller Stef Nijland noch trije kear skoarde. Mikhail Rosheuvel wie de Ljouwerter skutter.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)