Benaude oerwinning SC Hearrenfean by ADO Den Haag

07 mrt 2015 - 21:39

Sportklup Hearrenfean koe sneontejûn wer trije punten byskriuwe. ADO Den Haag waard yn eigen hûs mei 1-0 ferslein. Luciano Slagveer liet him yn de 78e minut in kear goed sjen en soarge foar it iennichste doelpunt fan de wedstriid. Yn de earste helte wie ADO de boppelizzende partij, Hearrenfean kaam net fierder as in pear spjeldepripen. Yn de twadde helte hie de ploech fan Dwight Lodeweges mear yn te bringen en dat waard úteinlik rom beleanne.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)