Sven Kramer tsiende, Ireen Wüst tredde op WK 500 meter

07 mrt 2015 - 21:15

Sven Kramer is op it WK allround yn Calgary begûn mei in tsiende plak yn 36.20 op de 500 meter. Dat wie boppe syn persoanlik rekôr. Douwe de Vries ried wol in pr. Mei syn nije toptiid fan 36.63 waard er tweintichste. De Kanadees Denny Morrison wie yn 34.98 fierwei de rapste. Regearend wrâldkampioen Koen Verweij foel en is útskeakele. Ireen Wüst begûn har WK mei in tredde plak op de 500 meter. De reedrydster fan It Hearrenfean kaam yn 38.73 oer de einstreek. Mei oermacht gong de winst nei Heather Richardson yn 37.11.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)