Drachtster Boys wint mei 5-2 by ACV

Drachtster Boys wûn sneon mei 5-2 fan ACV. Yn Assen kamen de Drachtsters al nei twa minuten op efterstân. Dêrnei wie it al gau 2-0 foar de thúsploech. Yn de 18e minút kaam it fizier op skerp. Jan Stoker soarge foar de oanslutingstreffer wêrnei't Willem de Jong in strafskop fersulvere en dêrmei foar de lykmakker tekene.
Nei rêst tekene dyselde De Jong foar de tredde Drachtster treffer en sette de ploech fan trainer Fred de Boer dêrmei foar it earst op foarsprong. Sicco Bouwer soarge mei twa treffers foar de romme 5-2 oerwinning.