Fertochte pakt foar rige ynbraken Sineeske restaurants

© Omrop Fryslân
Mei de arrestaasje fan in 30-jierrige man út Amsterdam hat de plysje nei alle gedachten in rige ynbraken by eigeners fan Sineeske restaurants yn Noard-Nederlân oplost. De man waard ein febrewaris oanhâlden by in ynbraak yn Purmerend. Hy hie in list mei adressen fan tsientallen eigeners fan Sineeske restaurants yn it Noarden. De plysje ûndersiket oft de man by de wenten of de restaurants ynbrutsen hat.
De plysje sloech ferline jier desimber alarm oer it grutte tal ynbraken by Sineeske ûndernimmers.
By dy ynbraken waard foar tsientûzenen euro's oan jild en sieraden stellen. De man dy't oanhâlden is, stiet yn de top 600 fan bekende kriminelen yn Amsterdam.